Wyn fan feroaring

Wyn fan feroaring voorzijde
Wyn fan feroaring achterzijde
  • Wyn fan feroaring voorkant
  • Wyn fan feroaring achterkant

Johanna Kamstra is in jonge húsdokter dy 't sa op it each it perfekte libben hat. Har pasjinten binne wiis mei har, se is ferloofd mei gynaekolooch Joost en wennet yn in prachtige filla oan 'e râne fan Ljouwert. Dochs hat se altyd it gefoel dat se tekoart sjit en net past yn har omjouwing. Se hat al jierren gjin kontakt mear mei har âlden, dy 't der mar wat hinne libje. De ienige fan har famylje dêr 't se har by thús fielt is omke Hannes. Mei him en har neef Ate gong se as jongfaam altyd op sylfekânsje. As omke komt te ferstjerren moat Johanna wol kontakt sykje mei har heit en mem en sjocht se har famylje foar it earst yn jierren werom. Ek Ate. It testamint fan Hannes set it libben fan de famylje Kamstra folslein op 'e kop. Se moatte mei elkoar in kasko klear meitsje foar de IFKS-silerij en dêrmei by de earste trije eindigje. De ynset: it foarstlik neilittenskip fan Hannes... Mei Wyn fan feroaring skriuwt Hilda Talsma de earste echte skûtsjeroman. Fris en tagongklik, mei 'it brûs foar de kop'. Nei de Frisum-trilogy De twadde hûd, Flammen en It geloksbern en de roman Brekber is dit alwer har fyfde boek. Yn alle boeken stiet de minsk en de leafde yn al syn foarmen sintraal.

Specificaties
ISBN/EAN 9789089547699
Auteur Hilda Talsma
Uitgever Elikser B.V. Uitgeverij
Taal Westerlauwers Fries
Uitvoering Paperback / gebrocheerd
Pagina's 244
Lengte 210.0 mm
Breedte 145.0 mm

Wat vinden anderen?

Er zijn nog geen reviews van dit product.