De ynfaller

De ynfaller voorzijde
De ynfaller achterzijde
  • De ynfaller voorkant
  • De ynfaller achterkant

Wy skriuwe 1982, de simmerfakânsje komt yn sicht. Der wurdt fochten om de Falklands, de Kâlde Oarloch berikt in nij djiptepunt en Van Agt besuniget him in slach yn ’e rûnte. Tsjin dat dekôr sleept Marcus Ligthart him as ynfaller fan de iene nei de oare skoalle. Krekt wol er dermei ophâlde of hy kriget in tydlik baantsje op in skoalle yn ’e Wâlden oanbean. Al gau komt Marcus derachter dat de leaflikens fan it doarp dêr’t er yn telâne komt mar skyn is en dat it skoalteam fan tsjinstellingen oanelkoar hinget. De heechste klasse is in boarne fan ûnrêst, hy wit him amper steande te hâlden. Al is der ien famke dat yndruk op him makket, mear as dat goed foar him is. En wêr is juf Lin presys op út? Dat en mear wurdt dúdlik by it tradisjonele hichtepunt fan it skoaljier: it kampearreiske nei ’t Amelân. De ynfaller is it ferslach fan in syktocht troch it labyrint dat it libben útmakket, in boek fol ûngemak, mei in slot dat lang om let de útwei biedt dêr’t Marcus om socht.

Specificaties
ISBN/EAN 9789492457462
Auteur Koos Tiemersma
Uitgever Het Nieuwe Kanaal
Taal Westerlauwers Fries
Uitvoering Paperback / gebrocheerd
Pagina's 252
Lengte 210.0 mm
Breedte 140.0 mm

Wat vinden anderen?

Er zijn nog geen reviews van dit product.